Protestantse Gemeente Drachten ferkeapet twa tsjerkegebouwen

23 jan 2019 - 10:00

Protestantse Gemeente yn Drachten (PGD) hat in definityf beslút naam oer de takomst fan syn tsjerkegebouwen. Yn de lêste 10 jier is it oantal leden mei 30 prosint ôfnaam en dat hat gefolgen foar de tsjerkegebouwen.

De Menorah yn Drachten - Foto: Google Streetview

Yn it beslút stiet dat de Oase en de Sudertsjerke yn besit bliuwe fan de PGD. Dat jildt ek foar de Grutte Tsjerke en de Schakel. De Arke en de Menorah komme yn oanmerking foar ferkeap. "Helaas is de landelijke trend dat er een teruggang is in het aantal leden van kerken, bij ons ook zichtbaar", seit dûmny Ties Zweers, foarsitter fan de tsjerkeried fan de PKN yn Drachten.

De Oase yn Drachten - Foto: Google Streetview

"Het aantal kerkgebouwen dat we hebben, is nog afgestemd op het aantal mensen van 15, 20 jaar geleden. Toen hadden we ongeveer 10.000 leden en we zitten nu op bijna 7.000 leden", sa seit Zweers. "Die teruggang betekent financieel natuurlijk ook iets en dan kun je die kerkgebouwen ook niet allemaal meer onderhouden. Eerlijk gezegd, zijn die dan ook niet allemaal meer nodig."

Stipepunten

De PGD fynt it wol wichtich dat sy, mei fysike stipepunten, fertsjintwurdige bliuwt yn de wiken fan de Arke en de Menorah. Op koarte termyn sil dúdlik wurde hokker fasiliteiten dizze steunpunten biede moatte.

De Arke en de Menorah bliuwe yn alle gefallen noch oant 1 jannewaris 2020 yn besit en gebrûk fan de PGD.

Foto: Google Streetview

Dûmny Ties Zweers, foarsitter fan de tsjerkeried fan de PKN yn Drachten

(Advertinsje)
(Advertinsje)