Ljouwerter winkelsintrum Saailân rint leech, ek Copini nei 110 jier fuort

23 jan 2019 - 17:36

'Opheffingsuitverkoop' stiet op buorden foar it winkelsintrum Saailân yn Ljouwert. It giet om in saak op de earste etaazje yn it gebou. Op dy etaazje sit noch mar ien winkel: Copini Juwelier. De beide bruorren Copini binne der klear mei. De rin is derút yn it winkelsintrum. Mei pine yn it hert giet de doar aansen op slot. Dan komt der in ein oan 110 jier Copini-histoarje.

Troch Hayo Bootsma

Tafelpetear Fryslân Hjoed oer de winkelleechstân

Op de webside fan Copini stiet it noch sa moai: "In het grootste en mooiste winkelcentrum van 't noorden vindt u op de eerste verdieping Copini Juwelier. Deze 100-jarige is ontzettend bij de tijd met een sterke collectie sieraden en horloges."

Mar it moaiste winkelsintrum is it al in skoft net mear seit Alex Copini: "Het is hier trekken aan een dood paard. We krijgen alleen nog bezoek van vaste klanten of mensen die komen uit solidariteit."

In juwelier ferkeapest net samar

De Copini's hawwe wol neitocht oft se de saak net gewoan ferhúzje kinne. "We kwamen eigenlijk al snel tot de conclusie: niet te doen. We zijn al wat ouder en als je dan alle kosten mee gaat rekenen, kan het gewoon niet uit", seit Alex Copini.

De ynboel ferkeapje, slagget ek net: "Het valt niet mee om een juwelierszaak te verkopen. Dat doe je normaal wel, dat is je pensioenvoorziening. Die hebben we nu niet." De bruorren hawwe de hier opsein en ein febrewaris giet de doar op slot.

"De bovenverdieping gaat dan dicht. Er zijn dan gewoon geen winkels meer op deze etage." Yn de kelder is it al net folle better. Ien fan de winkels dêr giet ein dit jier ek fuort. Dan bliuwt der noch ien oer. Allinnich op de begeane grûn sitte hast alle winkelpannen fol.

Lange ferbouwing begjin problemen

De klad kaam deryn flak nei de grutte ferbouwing fan winkelsintrum Saailân. "Onze etage is toen nooit meer gevuld. Dan hebben mensen ook geen reden meer om hier te komen."

Dat byld wurdt befêstige troch Hayo Galema, de binnenstêdmanager fan Ljouwert: "Nei de ferbouwing fan it winkelsintrum is it misgien. De earste etaazje is nea wer opfolle mei winkels. Doe gie ek de V&D noch fallyt. De loop dy't der yn it ferline wie oer passaazje tusken de beide winkels wie doe ek fuort."

Galema tinkt ek dat de lange ferbouwing fan it winkelsintrum in grutte rol spile hat: "De rin wie der dêrnei út. We kinne sjen dat der 50 persint minder minsken komme as yn it ferline. De hier is lykwols al basearre op de sifers út it ferline."

Foto: VVV.nl

Harkje nei de bydrage fan Hayo Bootsma (1)

Winkelsintrum Saailân op stjerren nei dea

Theo Copini is ien fan de minsken dy't altyd striden hat foar it winkelsintrum. "Je kunt wel voor jezelf knokken, maar het is beter om voor iedereen op te komen. Dan kan iedereen profiteren." Geregeld ha de beide bruorren om tafel sitten mei de ferhierder, Syntrus Achmea. "Dan zijn ze heel erg begripvol en zeggen ze mee te willen denken. Maar ondertussen gebeurt er hier niets. Dan horen we dat ze deze etage hebben opgegeven."

Copini tinkt sels dat it winkelsintrum op stjerren nei dea is. "Er trekken alleen maar winkels uit. Probeer dat maar eens te keren. Het wordt nu overeind gehouden door pop-up stores." Dat binne winkels dy't der tydlik sitte en gjin kontrakt hawwe foar in langere perioade. .

Galema fynt ek dat Syntrus Achmea it wat sitten lit as it giet om it winkelsintum Saailân: "It moat hjir iepener. In sletten winkelsintrum, sa as it no is, is net mear fan dizze tiid. Mar Achmea beweecht net."

Juwelier Copini hâldt op

Winkelrûntsje yn eare herstelle

It liket dochs stadichoan wat better te gean yn de binnenstêd fan Ljouwert. Neffens binnenstêdmanager Galema is yn it winkelsintrum Saailân sprake fan in 'stijgende lijn'. Dat sjocht hy ek yn de winkelmuorre by it Ruterskertier del. Dêr wie in soad leechstân, mar stadichoan reitsje de pannen ek dêr folle.

"We gean dêr ek mei oan de slach. De oanklaaiïng moat better. Der moat mear grien komme. Dat dogge we dit foarjier. We hoopje dat we dan it âlde winkelrûntsje wer weromkrije kinne. Dat je dan begjinne yn it winkelsintrum Saailân en sa fia de Wurdumerdyk, Nijstêd, Doelesteech wer op it Ruterskertier útkomme."

Tefolle winkelmeters yn Ljouwert

Alex Copini sjocht dat net. Neffens him hat Ljouwert op dit stuit in grut probleem: "Er zijn te veel winkelmeters en er komen er alleen maar meer bij." Hy doelt dêrby op de komst fan in ekstra winkelromte by it nij te bouwen Cambuurstadion by it WTC. Retaileksperts hiene earder al deselde krityk.

By de behanneling fan de bou fan it Cambuurstadion yn de gemeenteried sei Marc Majolée fan Koninklijke Inretail ek al dat Ljouwert tefolle winkelromte hat. As je der mear bypleatse by bygelyks in Cambuurstadion dan hat dat foar immen oars konsekwinsjes.

Wethâlder Friso Douwstra is dêr net benaud foar. Hy tinkt dat de binnenstêd sterk genôch is en stelt ek dat it winkeloanbod by it nij te bouwen Cambuurstadion folslein oars is as yn de binnenstêd. Copini: "De gemeente is van mening dat al die uitbreiding de binnenstad niet schaadt. Maar dat doet het wel degelijk. Het is naïef te denken dat dat niet zo is."

Foto: Copini Juwelier

Harkje nei de bydrage fan Hayo Bootsma (2)

Cambuurstadion gjin konkurrinsje foar binnenstêd

Hayo Galema is it dêr net mei iens. De binnenstêdmanager stelt dat der heldere ôfspraken makke binne: "We ha fêstlein dat it oanbod fan winkels by it nije Camburstadion gjin konkurrinsje opsmite mei foar de binnenstêd. It oanbod is ek hiel oars as yn de stêd. Dêr by it WTC giet it yn de takomst om sport en leisure."

Dochs sjocht ek Galema dat der hieltyd mear winkels leech steane yn Ljouwert. Benammen yn strjitten as de Oosterstraat, de Foarstreek en it begjin fan de Nijstêd. Galema: "Der moat gjin winkelsintrum bykomme, dat is dúdlik."

"Het doet mijn hart zoveel pijn"

Foar de Copini's makket it neat mear út. Oant ein febrewaris is der leechferkeap. Dan giet de winkel ticht, ta grut fertriet fan de beide mannen. Alex Copini kin syn emoasjes kwealik betwinge as hy dêr oer praat. "Het doet mijn hart zoveel pijn. We kunnen niet anders."

De beide mannen ha noch ien winkelpân yn besit, yn winkelsintrum Bilgaard. Dêr opnij begjinne sit der net yn. De kosten binne gewoanwei te heech. Se tinke no earst nei oer wat de takomst har fierder bringe kin.

Syntrus Achmea, de ferhierder fan winkelsintrum Saailân, wie net berikber foar kommentaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)