Kollum: "Skrieme en flokke"

23 jan 2019 - 08:04

"Freark Dam, de lettere konservator fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum wie yn 1950 haadredakteur fan de Drachtster Courant. Dam wie in hurde wurker. Hy hie der dus foar soarge dat er doe sawat elkenien yn Drachten wol koe. Mar dat wie yn 1950 ynienen oer. Philips Eindhoven kaam nammentlik ek yn Drachten. Se begûnen op 13 novimber yn it âlde VVV-gebou. Dêr wie wol wat romte foar benammen froulju om lyts guod yn elkoar te prutsen.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Net dat ik dat sjoen ha, hear, ik wie noch mar in pear moanne. Doe't wy dêr letter basketballen, wie Philips al ferdwûn nei in eigen fabryk tusken it Mûnein en de Lange West. It bedriuw luts meiwurkers oan út de hiele Wâlden. Spesiale bussen rieden lâns de doarpen om wurknimmers op te heljen. Letter liet Philips wiken fol huzen bouwe yn Drachten en se treaunen al dy arbeiders yn sa'n Philipsgetto.

Drachten wie foar 1950 net mear as wat huzen om de Kompanjonsfeart hinne. Philips makke Drachten dus grut. It fabryk hat lykwols sa no en dan ek faai stien. De feroaringen yn wat minsken oan apparaten brûkten, gienen hurder as dat se it guod meitsje koenen. Mar je moatte je altyd skeare, dus Philips bleau yn Drachten. Der wurkje no noch sa'n 1500 man. Neat mis mei.

Baron von Knobelsdorff, ein 60'er/begjin 70'er jierren boargemaster yn Drachten, hie in hekel oan inkeld de flagge úthingjen. Hy gie leaver nei Sweden, en helle dêr gâns yndustry foar Drachten op. Hy siet fierder ek net stil en sa groeide Drachten út ta twadde plak fan Fryslân .

Glemsford yn Ingelân hat ek in fêstiging fan Philips. Dêr wurkje 400 man. Mar ja, brexit. Dus Philips pakt it spul dêr op, en bringt it oer nei Drachten. Ingelsen kinne net sa mar de grins mear oer, dus Drachten krijt mear wurknimmers, al sille der wol net 400 bykomme. Mar de fêstiging Philips Drachten sil nea mear faai stean.

It Hearrenfean kaam ek al op de foarside fan de Ljouwerter Krante. It krijt miljoenen foar in projekt om plestik op 'e nij brûke te kinnen, sadat je it net mear yn see hoege te donderjen om it kwyt te wurden. Wy rinne, sizze se, yn Frylân foarop yn wat se de sirkulêre ekonomy neame, yn gewoane taal it wer brûken fan rotsoai.

Der is no sels in bedriuw yn Fryslân dat bitterballen fan poddestuollen makket en dy kweke se op kofjegrom. Oer lânbou sprutsen , it ynfieren fan de kringlooplânbou smyt goede saken foar it miljeu op, mar tagelyk komt der dêrtroch ek mear wurk yn de lânbou. It is gewoan in lanlik ferhaal, dat we lykwols hjir yn Fryslân hartstikke goed brûke kinne.

It wie dus in moaie wike. Wurk en sinten nei Fryslân ta.

It is fermaaklik dat de boargemasters en wethâlders, dy't faak al stean te dûnsjen as der in bedriuw mei fiif minsken komt, no net út de ploai kamen. It Hearrenfean en Drachten hienen rêstige wille.

Mar ja, dat kaam in pear dagen letter út. Een grut hotel op It Hearrenfean, net elk hat dêr wille fan. En Ie Sicht wurdt ôfbrutsen. Ie Sicht op de Headammen. It gesellige hoteltsje en kafee. Mei dat prachtige útsicht oer de Drachtster Wide Ie en it Grytmansrak. Dêr wêr't we oanleinen as we mei de boat fan Drachten kamen. Dêr hiene we sylwedstriden. Skûtsjesilen. Dêr sieten we noch efkes oan de grutte tafel as we reedrieden oer Earnewâld, Grou en dan werom. Ik wit wol, de âlde klinte fan Durk Bakkker wie al in pear kear ferboud en it waard al wat nijmoadriger, mar Ie Sicht bleau altyd Ie Sicht. Us Ie Sicht.

Gerlof Bleeker hat it lykwols ferkocht, alles giet plat. Der komt in grut heech hotel. De rillings giene my oer de rêch. Ik wit, mear wurk, mear rekreaasje, mear fertsjinsten, ik soe der like bliid mei wêze moatte as mei Glemsford. Mar ik bin it net. Dêr giet no wer in stikje fan myn en in hiel soad oaren har ferline nei de bliksem.

Ik ha juster nei boppe west en in âld fotootsje dat ús mem makke hie fan de boat foar Ie Sicht opsocht. Ik ha flokt en skriemd."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)