Olde Riekerink: "Wij zijn niet een ventiel dat je zomaar kunt dichten"

Sportklup Hearrenfean spilet tongersdei yn de kwartfinale fan de KNVB-beker tsjin Ajax mei deselde ploech as ôfrûne snein. Coach Jan Olde Riekerink hat gjin reden om te wikseljen nei de sensasjonele 4-4 yn de kompetysje. De kwartfinale fan de beker is tongersdeitejûn live te folgjen fan 20.30 ôf op Omrop Fryslân radio.
Olde Riekerink: "Wij zijn niet een ventiel dat je zo maar kunt dichten."
Hearrenfean behelle snein in knap resultaat yn de Johan Cruijff Arena. Nei in 3-1-rêststân kaam Hearrenfean goed werom oant 4-4. Sels skoarde Hearrenfean dus fjouwer kear, mar Hearrenfean krige ek wer in soad goals tsjin.
Dat bliuwt neffens Olde Riekerink in oandachtspunt. "Dat is na acht dagen trainingskamp in de zon niet zomaar even weg. Ik vind wel dat we daar beter in worden, maar in dat proces zitten we nog steeds. We merken steeds vaker dat we goed zijn in de omschakeling. Dat moeten we ook leren. Maar dat aantal tegengoals moet er wel uit. Het is echter niet zo dat we een team zijn, waarbij je een ventiel dicht maakt en het probleem opgelost is."

Sam Lammers belangryk

Sam Lammers is in belangrike spil foar de ploech. Hy skoarde tsjin Ajax twa kear en joech in assist. Yn 16 wedstriden skoarde er oant no ta acht kear. Op de fraach oft Olde Riekerink hopet dat Lammers ek nei dit seizoen bliuwt, is hy dúdlik: "Ja, dat hoop ik wel."
Lammers wit lykwols noch net hoe't syn takomst derfoar stiet. De 21-jierrige spits is foar in jier hierd fan PSV. "Die vraag komt nog te vroeg. Ik heb nu nog geen idee. Dat hangt van zoveel factoren af. Ik heb het hier wel goed naar mijn zin, dus daar ligt het in ieder geval niet aan."
Olde Riekerink kin him dêr ek noch gjin advys oer jaan. "Stel dat Luuk de Jong blijft bij PSV. Tja, dan wordt het toch anders. Misschien is het beter om hier nog een jaar te blijven, maar dat kan ik nu nog moeilijk zeggen."

Doke Schmidt wer blessearre

Hearrenfean kin mei deselde basisspilers oantrêdzje, mar kin gjin berop dwaan op Doke Schmidt. Hy hat in spierblessuere. Dave Bulthuis trainde wol even mei, mar ferliet al gau de training. Bulthuis is in fraachteken. Schaars sil wol wer meidwaan kinne, al wit Olde Riekerink noch net oft Schaars de 90 minuten folmeitsje kin.
Ferwachte opstelling: Hahn, Floranus, Hoegh, Pierie, Woudenberg, Schaars, Van Amersfoort, Vlap, Van Bergen, Lammers en Zeneli.
© Omrop Fryslân
Ajax - SC Hearrenfean is de Wedstriid fan de Wike by Omrop Fryslân.
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.