Warskôging foar glêdens, mar Fryske diken oant no ta goed begeanber

23 jan 2019 - 07:25

Fanwege de snie en de froast moat it ferkear yn Fryslân woansdei rekken hâlde mei glêdens op de diken, warskôget waarman Piet Paulusma. Oant no ta falt de situaasje yn ús provinsje lykwols ta. Neffens Rykswettersteat binne de diken goed begeanber.

Struiwein op It Hearrenfean - Foto: CAMJO media

Wurdfierder Anne van der Meer fan Rykswettersteat

"Ik ha krekt kontakt hân mei ús kollega's dy't de hiele nacht yn tou west ha", seit wurdfierder Anne van der Meer fan Rykswettersteat. "De diken dêr't wy oer gean yn Fryslân, boppe de A7, de A31 en de A32, binne prima te beriden. Dêr is op dit momint neat oan de hân."

Yn de nacht fan tiisdei op woansdei hat Rykswettersteat yn totaal 45 snieskowers en 19 struiweinen ynset. Der is sa'n 600 ton struisâlt oer de Fryske diken útriden, meldt Van der Meer.

"Op plakken noch altyd glêd"

Neffens Piet Paulusma jildt syn warskôging foar glêdens net allinnich foar de grutte diken, mar ek foar de strjitten en fyts- en fuotgongerspaden. "Al it ferkear moat der rekken mei hâlde, net allinnich op de diken. We moatte ek sjen nei de paden, de fytsers, de minsken dy't rinne, hâld der rekken mei dat it op plakken noch altyd glêd wêze kin."

Piet Paulusma oer it waar en de glêdens

(Advertinsje)
(Advertinsje)