Ljouwert eksperimintearret mei nije manier fan stimmen telle

22 jan 2019 - 22:11

De gemeente Ljouwert docht mei oan in lanlik eksperimint om flugger stimmen te tellen by ferkiezings. Ljouwert set dêrmei útein op 20 maart, wannear't de Provinsjale Steaten keazen wurde. It doel is om op de ferkiezingsjûn allinnich de stimmen foar partijen te tellen en net dy op de ôfsûnderlike kandidaten.

Foto: Shutterstock.com

Dat bart de dei dêrnei troch in frisse ploech stimmetellers, dy't yn it WTC de stimmen op kandidaten yn kaart bringt. Elkenien dy't telle wol, kin him opjaan by de gemeente Ljouwert.

"Tot nu toe tellen we natuurlijk op de avond van de verkiezingen zelf in de stembureaus. Dan wordt er eerst een prognose gegeven. Hoeveel stemmen zijn er uitgebracht per persoon?", fertelt boargemaster Ferd Crone.

Boargemaster Ferd Crone oan it wurd

Neffens him is de nije wize fan stimmen telle flugger en soarchfâldiger. "Nu is het zo dat mensen soms tot twee uur in de nacht moeten tellen. Ze zijn dan al vaak vermoeid en kunnen fouten maken", fertelt er. "En als ze een fout maken, moeten we weer tellen en dat kost tijd. Dat is nu verleden tijd."

"De dag na de verkiezingen gaan we pas tellen op een centrale plaats. Alles gaat verzegeld naar die centrale plek. Daar gaan mensen weer fris en uitgeslapen aan de gang." Crone ferwachtet dat de útslach fan de provinsjale ferkiezings tusken 22.00 en 23.00 oere bekend wêze sil. Dan binne alle stimmen teld op de 70 stimburo's.

Subsydzje

Ljouwert krijt foar dit nije telsysteem subsydzje fan it ministearje fan Ynlânske Saken. Der moatte nammentlik ekstra kosten makke wurde, om't der romte yn it WTC ôfhierd wurde moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)