In Fryske Karnavalsprins yn Limboarch

22 jan 2019 - 21:50

Folkert de Graaf is Fries om utens yn it Limboarchske Beegden en giet no even troch it libben as Prins Folkert I fan de feriening De Jokers Bieëgdje. De Graaf komt fan Mullum, mar ferhuze foar in staazje nei it suden fan it lân. En ast dêr wennest, dan komst fansels ek yn de karnavalsfear. "No't ik der echt yn sit, fyn ik hartstikke moai."

Foto: ANP

As Prins Carnaval jout De Graaf in Frysk tintsje oan it feest dêr yn Limboarch. "As spreuk ha ik 'Bieëgdje, it giet oan!' Dat sintsje ken elkenien hjir ek, net te leauwen. Ik wist net dat dat stikje Frysk sa ynboargere wie."

Boechbyld fan it doarp

"Je binne it boechbyld fan it doarp", seit De Graaf oer syn rol as Prins Carnaval. "By alles wat mei karnaval te krijen hat, steane je foarop. Ik wurd holpen troch twa adjudanten, in jeugdprins en in jeugdprinses."

Karnaval begjint op 3 maart en sa stadichoan begjint ek de drokte foar De Graaf. "De feestjes begjinne no. Alle wykeinen ha je wol wat: allegear resepsjes en in 'bonte avond', mei allegear sketsen."

De taal

De fiertaal by de resepsjes is Limboarchsk, al hat De Graaf it dêr noch wolris dreech mei. "Ik kin it in lyts bytsje, mar de dialekten binne hjir sa ferskillend, dat falt noch net ta. Se prate hjir oeral wer oars."

Folkert de Graaf oan it wurd

(Advertinsje)
(Advertinsje)