Auto brânt folslein út yn Feanwâlden

22 jan 2019 - 22:54

In auto is tiisdeitejûn folslein útbaarnd oan De Wal yn Feanwâlden. De brânwacht fan De Westereen wie útriden. Doe't dy by it plak fan it ûngelok oankaam, stie de auto al folslein yn brân.

Foto: ProNews

De brânwacht hat it fjoer dwêste. De bestjoerder ried yn de auto en soe ynienen in houtkachellucht rûkte. In pear hûndert meter fierder joech de auto in steuring oan. De bestjoerder stapte út en seach by de koplampen in reade gloed en reek. Se skeakele gau de brânwacht yn, mar de auto wie net mear te rêden.

De bestjoerder makket it goed. In bergingsbedriuw sil de auto fuortslepe.

Trefwurden: 
brân Feanwâlden
(Advertinsje)
(Advertinsje)