Hiphop docht it goed yn Fryslân, mar rappers wolle mear kânsen

22 jan 2019 - 20:21

It giet goed mei de hiphop yn Fryslân. Mei mear as hûndert rappers, dûnsers, produsers en graffitykeunstners ûntwikkelet dizze scene him yn hurd tempo. Foaral jongeren mei Antiliaanske roots sjogge hiphop as middel foar har persoanlike ûntwikkeling en identiteit.

Hiphop yn Fryslân

"Het gaat eigenlijk hartstikke goed met de hiphop in Fryslân, beter dan het ooit was", fertelt rapper Patrick Hassenpflug, alias E.T. "Het verschil met destijds is dat het nu veel meer in de schijnwerpers staat. Door het internet hebben we een veel groter bereik."

De hiphopscene yn Fryslân hat in lange skiednis. Sa draait hiphop-eveneminteburo Straight A's Entertainment yn Snits al langer mei. Ek organisaasje Straight Up! Hiphop set har, yn gearwurking mei Poppoadium Iduna yn Drachten, yn foar it muzyksjenre yn de provinsje.

Ski & Simba

It duo Ski & Simba wurdt hieltyd populêrder. Los fan inoar timmerje se ek flink oan 'e wei. "Deze gasten hebben meegedaan aan de wedstrijd Risin' Up, daarmee konden ze een plekje winnen in de Prijs van Nederland", leit Hassenpflug út. "Ze hebben die prijs veroverd. Ze weten heel goed in te spelen op de muziek, hun eigen gevoel. De collectiviteit die hiphop uitstraalt, doen zij ook. Ze komen nooit alleen, ze hebben altijd een hele groep mee."

Given Ski is 16 jier en is noch net sa lang lyn begûn mei muzyk meitsjen. "M'n vader maakt ook muziek. Hij heeft programma's op z'n computer, dus daar ben ik ook mee gaan spelen."

By in fragmint dat er op syn keamer sels opnaam hat mei in kompjûter leit er út: "Het gaat erover dat je niet te veel op mensen moet leunen en dat je van je eigen kracht uitgaan." Given Ski mei graach mei taal boartsje en dat fynt er ek wichtich. Sûnt er rapt, begjint er better Nederlânsk te praten. "Ik heb een grotere woordenschat. Dat heb je ook nodig om je te onderscheiden."

Promoasje

Neffens Hassenpflug is der gjin inkelde oare provinsje yn Nederlân dêr't sa'n soad promoasje makke wurdt foar hiphop as yn Fryslân. "Het zou fijn zijn als recensenten en scouts eens naar Leeuwarden kwamen om te kijken wat hier gaande is."

Neffens Toby Simba soene der yn Nederlân mear kânsen wêze moatte foar jonge rappers. "Er zijn veel meer optredens, plekken om op te treden nodig. Plekken om jezelf te kunnen bewijzen.

Woansdei is der yn IepenUP Live ek omtinken foar hiphop en sil der in spitbattle hâlden wurde. Dêr dogge fiif dielnimmers oan mei en in trijkoppige sjuery sil de optredens beoardielje. De winnende act krijt 150 euro cash en 750 euro oan studiotiid mei OYOSounds.

(Advertinsje)
(Advertinsje)