Bern en folwoeksenen op De Gordyk krije les oer sûn iten

22 jan 2019 - 19:22

Oergewicht is in groeiend maatskiplik probleem en in bedriging foar de sûnens. Dêr besykje se wat oan te dwaan op De Gordyk. Mei ferskate organisaasjes waard dêr tiisdei in gearkomste organisearre op basisskoalle De Treffer.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"Jongeren op Gezond Gewicht is een methode om de omgeving van jongeren positief te beïnvloeden. Hoe kunnen we scholen, sportverenigingen en kinderopvangen motiveren om jongeren gezonde keuzes te laten maken, zoals meer water drinken en meer bewegen", fertelt Marjon Mulder fan JOGG. "Dus eigenlijk aanzetten tot gezond gedrag, in plaats van beschuldigend wijzen met het vingertje."

Marjon Mulder fan JOGG en wethâlder Libbe de Vries oan it wurd

JOGG is oarspronklik in metoade dy't út Frankryk oerwaaid is, mar yntusken binne der yn Nederlân sa'n 140 JOGG-gemeenten. Der is sels in Fryske metoade. De trettjin Fryske JOGG-gemeenten falle ûnder provinsjaal platfoarm Nuchter Over Gewicht.

Sûn ite én bewege

It is in breed projekt. It giet om sûn ite én bewege. "Wy sitte yn in maatskippij dêr't it gewoan wurden is om net sûn te iten en minder te bewegen. Wy besykje de jeugd te ferlieden om dêr oars mei om te gean", seit wethâlder Libbe de Vries.

"Wat wy ûntdutsen hawwe, en dat is ek wittenskiplik ûnderboud, is dat der in grutte groep jongerein is dy't troch har libbensstyl sân jier koarter libbet as oare Nederlanners." Ek soene sy harren achttjin jier lang minder sûn fiele as oaren.

Folwoeksenen

Ek folwoeksenen wurdt leard hoe't sy harren bern better opfiede kinne. "We zeggen vaak dat er bij de jeugd die kampt met deze problematiek thuis vaak ook veel speelt. Er is weinig geld te besteden of er is sprake van mishandeling. Juist die groep jongeren heeft het nodig dat er vanuit andere hoeken aandacht is voor het onderwerp", ferfolget Mulder.

Ferslachjouwer Willem de Vries wie op De Gordyk

(Advertinsje)
(Advertinsje)