Snie soarget foar gaoatyske tafrielen op de Fryske sneldiken

De snie soarget tiisdei foar gaoatyske tafrielen op de Fryske sneldiken. Op de A7 yn de rjochting fan Grins stiet tusken Aldehaske en de ôfrit Easterwâlde in file fan mar leafst 23 kilometer.
Ek op de A31 tusken Harns en Ljouwert rydt it ferkear yn beide rjochtingen stadich, maksimaal 30 oant 70 kilometer yn 'e oere. Krekt foar de ôfslach Mullum, op 'e hichte fan Harns-Haven, rekke in auto yn 'e slip. Dy bedarre yn tsjinstelde rjochting op de dyk.
Snieskowers besykje de diken skjin te krijen, mar dat slagget oant no ta net. Op de A7 tusken Koarnwertersân en Boalsert wurdt ek stadich riden en ûnderfynt it ferkear hinder fan de snie.

Koarnwertersân

Yn Koarnwertersân leit oant no ta ek it measte snie yn de provinsje. Dêr foel sa'n trije oant fiif sintimeter. Op guon plakken binne der troch de hurde wyn sniedúntsjes ûntstean.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema