Piet Paulusma: "Woansdei wer snie en mooglik nachts strange froast"

22 jan 2019 - 18:17

It bliuwt tiisdeitejûn noch in pear oeren snijen, seit waarman Piet Paulusma. "Dat bliuwt wat hingjen en dat fernimt benammen it eastlike part fan de provinsje. It ferkear wurdt warskôge: net allinnich fanwege de glêdens, mar somtiden ek matich sicht."

Foto: Kappers Media

"Ek as it snijen ophâldt, bliuwt it glêd", seit Paulusma. "Want de temperatueren lizze tiisdeitejûn en -nacht tusken de -2 en 0 graden. Letter klearret it miskien op en wurdt it noch in graad kâlder. De wyn komt út it suden of súdeasten, woansdei út eastlike rjochting."

Woansdei wer snie en kâld

"It bliuwt woansdei kâld. En der komt gjin sinne, mar wol wer snie. Net al te folle, mar it jout wol oan dat der wer kâldere lucht út it easten weikomt. De temperatuer oerdei is 0 of +1. De wyn komt út it easten en is swak of matich."

Nachts kin it flink frieze. "Ik tink dat it -5 of -6 wurdt. Mar mocht der snie lizze, dan kin it op guon plakken samar strang frieze: -10 oant -13, mar dat is dus allinnich as der snie leit."

Letter dizze wike

Ek tongersdei bliuwt it kâld. De temperatuer sil net boppe it friespunt út komme, oerdeis is it -1. Yn de nacht wurdt it -6 oant -8. Dan is der sprake fan matige froast. Freed giet de temperatuer wer wat omheech. Oerdeis is it boppe 0, yn de nacht sil it lichtlik frieze.

Sneon sil it snije en reine. It wurdt dan 4 of 5 graden. Oan de ein fan de wike, op snein, sil der ek wer snie falle. Nachts wurdt it -3 of -4.

Trefwurden: 
waar Piet Paulusma snie kâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)