FIDEO: De Natuerdetektive siket spjochten

De Natuerdetektive siket spjochten
Spjochten en oare boskbewenners; dat is dêr't ús natuerrige de Natuerdetektive diskear oer giet. Elke moanne litte wy ferslachjouwer Remco de Vries los yn de natuer mei in opdracht om wat nuveraardichs te finen. Diskear is dat yn de omjouwing fan Beetstersweach mei direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea as opdrachtjouwer. En it wurdt dúdlik dat der folop fûgellibben sit yn de bosken dêr, wêrby't de detective ek nochris behoarlik gelok hat, want hy komt in foerplak tsjin fan in fûgeltsjefotograaf. En dêr is it behoarlik drok...