D66 wol wetterstof ynsette as alternatyf foar ierdgas

De Steatefraksje fan D66 wol mei in moasje de ûntwikkeling nei in wetterstofekonomy ûndersykje en ferhastigje. It ferkennen fan de mooglikheden fan wetterstof as opslach fan griene stroom binne al opnaam yn it jierplan fan de provinsje. D66 wol ek ûndersyk dwaan nei wetterstof as alternatyf foar ierdgas.
© Tieluk
Dat wetterstof geskikt is as alternatyf foar ierdgas wie al bekend. Foar de komst fan ierdgas bestie it stedsgas al foar 50 persint út wetterstof. In eksperimint mei it mingen fan wetterstof mei ierdgas op It Amelân ferrint ek al jierren suksesfol.
"Voor oude wijken, monumenten en het buitengebied kan groene waterstof een interessant alternatief zijn voor aardgas", sei Prof. Dr. Ad van Wijk fan de Technyske Universiteit Delft by in lêzing fan de Friese Milieu Federatie.
© Omrop Fryslân
Mei wetterstof kin op skjinne wize waarmte produsearre wurde. By de ferbrâning fan wetterstof ûntstiet allinnich mar wetterdamp. Wetterstof soe ek in goed alternatyf wêze foar de enerzjy-yntinsive yndustry en swiere masinen.
Sinne- en wynenerzjy soene in minder geskikte opsje wêze, omdat se net regulearre wurde kinne. Op pykmominten is der dan in soad enerzjy-oanbod. By Dútske wynparken op de Noardsee giet al in soad wynstroom ferlern, omdat it elektrisiteitsnet it op dy pykmominten net oankin. Ek it Nederlânske net is net berekenne op desintrale opwekking.

Seizoensopslach

It omsetten fan dizze pykproduksje nei wetterstof hat foardielen foar ûnder oare de opslach fan elektrisiteit yn akku's, sa as seizoensopslach foar de winter. It transport fan wetterstof fia de besteande ierdgasliedingen is ek in opsje, omdat it goedkeaper is as it oanlizzen fan nije heechspanningsliedingen.