Dokkum betinkt tweintich slachtoffers fan Twadde Wrâldoarloch

22 jan 2019 - 16:32

Op 22 jannewaris 1945 waarden tweintich minsken om it libben brocht oan de Wâldwei yn Dokkum. Tiisdei stie de stêd stil by dizze slachtoffers, mei de jierlikse betinking.

De tweintich slachtoffers binne sûnder proses ombrocht. Se kamen út de finzenissen fan Grins en Ljouwert en binne dêr samar útkeazen. Elk jier is der yn Dokkum in betinking fan de slachtoffers by it plak dêr't de mannen deasketten binne. Under oare de nammen fan de slachtoffers wurde foarlêzen en der is in krânslizzing by it monumint oan de Wâldwei.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Wêrom binne de mannen ombrocht?

De reden fan de moard op de tweintich minsken wie wraak. Inkelde dagen foar de moard hie it ferset in suksesfolle befrijingsaksje by De Falom organisearre. De kommandant fan de Sicherheitsdienst wie dêr sa lilk om, dat er wraak woe.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

It beslút wie om de tweintich mannen út de finzenis dea te sjitten yn Dokkum. De liken binne in dei lang lizzen bleaun. It hat de grutste massa-eksekúsje west dy't yn Fryslân plakfûn hat yn de Twadde Wrâldoarloch.

(advertinsje)
(advertinsje)