Fryske advokaten stake woansdei tsjin plan minister

22 jan 2019 - 15:43

Alle advokatekantoaren yn Noard-Nederlân, wêrûnder ek Fryslân, wurde frege om woansdei mei te dwaan oan in protestaksje en in healoere it wurk del te lizzen. Dat is mei it each op in debat yn de Twadde Keamer oer de finansiere rjochtsbystân.

Yn Breda staakten se ferline wike al - Foto: ANP

Mei de oprop ta staking protestearje se tsjin de plande feroaring fan de finansiere rjochtsbystân. Dat is in plan fan minister Sander Dekker. Hy riedt maatregels ta dy't in ein meitsje oan it stelsel fan in goede en ûnôfhinklike rjochtsbystân oan minsken mei in leger ynkommen.

De plannen hâlde yn dat in oerheidsorgaan oanwiisd wurdt en foarôf beoardielet oft it needsaak is dat der in advokaat komt. "Terwijl nota bene de meeste zaken juist tégen diezelfde overheid worden gevoerd", skriuwt deken Rob Geene. "Minder inkomen betekent dan ook minder recht, omdat rechtsbijstand door een onafhankelijke advocaat niet langer vanzelfsprekend is voor mensen die dat niet zelf kunnen betalen."

As fan in advokatekantoar net elkenien meidwaan kin oan de aksje, wurdt frege oft dat kantoar op syn minst ien advokaat ôffeardigje foar de stakingsgearkomste foar de rjochtbank yn Grins. Dêr sammelje se om 8.45 oere yn toga.

Rob Geene oer it plan fan minister Dekker en de staking

(Advertinsje)
(Advertinsje)