Wurkstraf easke tsjin eardere ponghâlder supportersferiening Cambuur

22 jan 2019 - 14:43

Tsjin in eardere ponghâlder fan de supportersferiening fan SC Cambuur is in wurkstraf fan 220 oeren en twa moannen selstraf ûnder betingst easke. Neffens de offisier fan justysje soe de 69-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp 33.000 euro by de supportersferiening fertsjustere ha. It giet om it jild fan de âld-papierrekkening.

Foto: Shutterstock.com

De Hurdegarypster soe it jild brûkt ha om privee-guod te keapjen en út iten te gean. De fertochte hie it sels oer lieningen dy't hy cash weromstoart hie.

De saak kaam yn novimber 2016 oan it rôljen, doe't de ponghâlder mei fakânsje wie. It foel de oare ponghâlder op dat de ynkomsten ynienen folle heger wiene as oars. Cambuur easket 90.000 euro fan de man, hy is út de supportersferiening smiten en syn seizoenkaart is ynlutsen. Tsjin de frou fan de man is fanwegen wytwaskjen in wurkstraf fan 40 oeren easke.

De rjochter docht op 5 febrewaris útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)