Provinsje Fryslân hat noch nea mear banen hân as no

Fryslân hat noch nea safolle banen hân: 297.035. Dat binne 7410 mear as in jier earder. Dat docht bliken út provinsjale wurkgelegenheidssifers. De wurkgelegenheid is yn Fryslân tusken april 2017 en april 2018 groeid mei 2,6 persint. Yn Ljouwert is benammen it tal banen yn de hoareka groeid. De measte banen kamen der yn de bou- en de hannelssektor by: yn totaal hast 2500.
Sander de Rouwe
Yn de sektor fan rekreaasje en toerisme is it totale tal banen mei 2,7 persint tanommen: it binne der no 21.100. Yn de gemeente Ljouwert is it tal hoarekabanen sels mei 7,5 persint groeid. Dat binne de effekten fan LF2018 en it nije Van der Valk-hotel yn Ljouwert.

Wurkleazens nimt ôf

Der binne net allinnich mear banen, ek it tal WW-útkearingen en de wurkleazens nimme ôf. De tanimmende fraach nei personiel soarget ek foar krapte op de arbeidsmerk. Yn de technyk, bou, soarch, tsjinstferliening, ICT, hoareka, agraryske beroppen en transport is by ien of mear beropsgroepen sprake fan in krappe arbeidsmerk. Fraach en oanbod slute net altyd opinoar oan.
Sa binne de wurksykjenden yn de technyk faak leech oplaat, wylst de bêste kânsen op wurk fan mbo-nivo 3 en 4 binne. Dêrnjonken misse wurksykjenden faak de sertifikaten en wurkûnderfining, dy't fereaske binne.
It Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Deputearre Sander de Rouwe oan it wurd

Hoe komme we oan genôch personiel?

"De wurkgelegenheidssifers binne goed nijs: it giet wer goed mei de Fryske ekonomy", seit deputearre Sander de Rouwe. "Dochs hearre we fan bedriuwen hieltyd faker dat se foar in nije útdaging komme te stean: hoe komme se oan genôch personiel? Hoe soargje we derfoar dat ús jeugd hjir studearret en nei har oplieding ek yn Fryslân bliuwt? Mei it ûnderwiis en it bedriuwslibben geane we oan de slach."
De provinsje Fryslân wol mei de aginda "menselijk kapitaal" ynspylje op dy ûntwikkelingen. Sa wurdt der mei it ûnderwiis en it bedriuwslibben gearwurke, om te soargjen foar in bettere oansluting. De gemeente Ljouwert hat ek in projekt om minsken út de bankesektor in oar fak te learen.