Ferset tsjin nije wenwyk yn De Warren by Burgum: "We ferprutse de iepen romte"

Yn it bûtengebiet fan Burgum is fûl ferset tsjin it plan fan de gemeente Tytsjerksteradiel om yn it gebiet De Warren in nije wenwyk te realisearjen foar sa'n 300 wenten. De nije wyk komt dan - as de plannen trochgean - westlik fan de Sintrale As, op sa'n oardel kilometer fan it doarp.
Herman Vos is greidefûgelkoördinator yn Noard-Hollân en Grinslân en bewenner fan De Warren. Hy neamt it gebiet dêr't de gemeente bouwe wol 'weardefol en kwetsber'. "It gebiet is in sachte oergong fan it iepen lânskip nei it mear besletten lânskip fan de Wâlden. Der binne ek allegear bisten dy't dêr thúshearre. It is skande om dêr te bouwen. We sizze altyd dat de iepen romte it kapitaal fan Fryslân is, mar dat ferprutse we no. Dat kin eins net."

Wol alternativen

Neffens Vos binne der wol oare plakken: "Binnen de Sintrale As is genôch romte. Der lizze tal hektaren dêr't wol boud wurde kin. Dan hâlde je it doarp moai homogeen."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Vos tinkt dat it in finansjele kwestje is: "De gemeente hat dit tsien jier lyn kocht foar in behoarlik bedrach en dêr sitte we no mei. Mar dat is gjin argumint yn myn eagen. Je kinne it gebiet net ferprutse om jild. It iepen gebiet falt eins ek net te kompensearjen." Hy hat in oprop foar de gemeente: "Kies ris foar biodiversiteit."

"Fierstente grutskalich"

Der wurdt sein dat it om in pear hûndert wenten giet, dy't de gemeente dêr no ha wol. "Dat is fierstente grutskalich", seit Vos. "Yn de stêdeboukundige fyzje - en Burgum is net iens in stêd - wurdt sein: 300 oant 600 wenten. Dat is in kranksinnich tal hektaren. No seit de gemeente dat se mei 150 begjinne, mar dêr bliuwt it tink ik net by."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
No tongersdei praat de ried fan Tytsjerksteradiel oer it nijbouplan. De presjegroep De Warren Natuerlik Grien sil dêr manmachtich hinne.
Burgumer Herman Vos oer de plannen foar de nije wenwyk