Plysje hâldt snelheidskontrôle yn Britswert nei klachten

22 jan 2019 - 13:37

De plysje hat moandeitejûn op de Kromwâl yn Britswert in snelheidskontrôle holden nei klachten fan de ynwenners fan it doarp. Sân autobestjoerders binne op de bon slingere. Fan ien fan harren naam de plysje sels it rydbewiis yn beslach.

In agint - Foto: ANP

De ynwenners fan Britswert hawwe argewaasje oer automobilisten dy't te hurd troch de strjitte ried. De maksimumsnelheid is dêr sechtich kilometer de oere. De bestjoerder dy't syn rydbewiis ynleverje moast, hie de sokken der aardich yn. De aginten klokten in snelheid fan 114 kilometer de oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)