Sudertoer op Skiermûntseach wurdt hast wer wyt

De Sudertoer op Skiermûntseach wurdt hielendal opknapt. As begjin is alfêst de grutte skûtel oan de foarkant fan de toer fuorthelle. Wannear't it waar geunstich wurdt, begjint it opknappen fan it terrein by de toer.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Noch foar it briedseizoen wurde de strûken fuorthelle of koartwjukke. De Stichting Zuidertoren, in inisjatyfgroep fan boargers, is ferantwurdlik. Sy wolle in ein meitsje oan it ferwaarleazgjen fan de toer.

Wer de âlde wite kleur

In oar inisjatyf fan eilanners, de Stichting Behoud Zuidertoren, hat yn juny de toer oerkocht fan KPN, de eardere eigener. Sy begjinne foar 1 april mei it opknappen fan de toer. Dy krijt in skilderbeurt: de toer is grien wurden, mar krijt wer in wite kleur. Dêrnei wurdt it terrein fierder opknapt. Sa komt der in skulpepaad nei de toer ta, twa banken, in ynformaasjeboerd en in nije tagongsdoar.
Underyn de âlde wettertoer steane no noch ynstallaasjes. Dy wurde fuorthelle, sadat der rûmte is foar lytse eksposysjes. Letter wurdt de wettertank ek fuorthelle en restaurearje se de trep nei de earste ferdjipping.

Paad mei bylden

Oan de noardkant fan de toer komt ek in paad mei bylden. Twa musea steane har bylden yn brûklien ôf. By de yngong komt in tagongspoarte, dêr't minsken de entreepriis pinne kinne. De opbringsten binne foar it ûnderhâld fan de toer.
It skjinmeitsjen fan de toer soe eins ôfrûne simmer al begjinne, mar it duorre lang om alle partijen dy't by de toer belutsen wiene mei-inoar om tafel te krijen.