Liander ynvestearret miljoenen yn Fryske elektrisiteitsnet

Netbehearder Liander ynvestearret dit jier 85 miljoen euro om it elektrisiteitsnet yn Fryslân te fergrutsjen. Dat docht bliken út it jierplan fan Alliander, it netwurkbedriuw dêr't Liander ûnderdiel fan is. Tiisdei waarden de aktiviteiten presintearre dy't foar 2019 op de aginda steane.
Liander © ANP
Yn it plan stiet dat Liander trochgiet mei it projekt om op 310 boerepleatsen yn totaal 416.000 sinnepanielen oan te sluten. Dêrneist hat Liander fiergeande plannen om in nij elektrisiteitsferdielstasjon yn de regio Boalsert-Surch del te setten.

Oplossingen fan knyppunten

Op dit stuit wurket Liander yn Fryslân ûnder oare oan de útwreiding fan de ferdielstasjons Easterwâlde en Wolvegea. Dêrneist is de netbehearder dwaande mei oplossingen fan de knyppunten by Bûtenpost en op It Amelân.