MRSA-baktearje no ek by pasjint ferpleechhûs Neibertilla yn Drachten
By in pasjint fan ferpleechhûs Neibertilla yn Drachten is de MRSA-baktearje fêststeld. De lieding fan it ferpleechhûs hat in protokol yn wurking steld. Ferpleegjend personiel hat beskermjende klean oan en oare minsken meie net op de keamer komme.
De pasjint kin net út bêd komme en hat dus ek gjin oare pasjinten besmet.
Ek yn Antonius Sikehûs
Moandei waard bekend dat de baktearje by trije pasjinten fan it Antonius Sikehûs yn Snits fêststeld is. De pasjinten wurde apart faninoar ferplege om fierdere fersprieding fan de baktearje tsjin te gean. It personiel krijt ynstruksjes en brûkt weismytklean.
MRSA stiet foar Meticilline-Resistinte Staphylococcus Aureus en wurdt ek wol de sikehûsbaktearje neamd, om't er benammen yn sikehuzen epidemyen feroarsaket. Fersprieding bart troch hûdkontakt of flibe.
It is in hûdbaktearje dêr't sûne minsken meastentiids hast gjin lêst fan hawwe. Minsken mei in lege wjerstân rinne it risiko op in ynfeksje. It kin sels liede ta bloedfergiftiging, bonke-ynfeksje of in longûntstekking. Yn Nederlân stjerre der gemiddeld ien of twa minsken it jier oan.