Ferboude lokaasje Maritieme Academie yn gebrûk nommen

22 jan 2019 - 11:29

De lokaasje fan de Maritieme Academie oan it Ald Jaachpaad yn Harns is ferboud. De fernijde lokaasje is yntusken ôf en wurdt fan febrewaris ôf yn gebrûk nommen.

Sa seach it gebou derút - Foto: Google Street View

Dat wurdt dien mei in offisjele iepening fan it simulatorsintrum, wêrby't ferskate sprekkers binne. De direkteur fan de Maritieme Acadmie, Arjen Mintjes, hat it oer it proses fan it meitsjen fan ien simulatorsintrum en wethâlder Hein Kuiken oer it maritime ûnderwiis yn Harns. Hans Snijders is foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan Nova College, in opliedingssintrum dêr't ek de akademy yn Harns ûnder falt. Hy praat oer it belang fan simulatoaren yn it maritime ûnderwiis.

Dêrnei sil Tineke Huizinga, foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan ûnderwiisgroep Dunamare en âld-minister, it gebou offisjeel iepenje.

Trefwurden: 
Harns Maritieme Academie
(Advertinsje)
(Advertinsje)