Fries Sociaal Planbureau siket nije leden foar ûndersykspanel

It Fries Sociaal Planbureau (FSP) stjoert takom wike 30.000 ynwenners fan Fryslân in útnûging om mei te dwaan oan Panel Fryslân. Op it stuit bestiet it panel út 3.500 leden, dy't harren geregeld útsprekke oer maatskiplike fragen dy't binnen de provinsje spylje.
© Fries Sociaal Planbureau
Panel Fryslân is ûnderdiel fan it FSP. Dat panel bestiet út in grutte groep Friezen, dy't in pear kear it jier benadere wurde om har miening te jaan. Hoe mear Friezen oft meidogge, safolleste better it ynsjoch yn Fryslân. Hoe wichtich fine Friezen bygelyks in skoalle of supermerk yn de buert? En hoe stiet it mei it polityk betrouwen en de tefredenheid oer it iepenbier ferfier?
Om't it panel gebrûk makket fan in stekproef, kinne allinnich ynwenners meidwaan dy't útnûge wurde. Sa is Panel Fryslân in represintative ôfspegeling fan de Fryske befolking fan 18 jier en âlder.