Dizze Fryske ûnderwiisynstellingen krije titel 'superskoalle'

22 jan 2019 - 10:26

Seis ûnderwiisynstellingen út Fryslân meie harren dit jier 'superskoalle' neame. It giet om it CSG Liudger yn Burgum, de vmbo-ôfdielingen fan it Gomarus College yn Drachten en Ljouwert, OSG Sevenwolden yn Grou, it Zuyderzee Lyceum op De Lemmer en it Lauwers College yn Kollum.

Fryske flagge - Foto: ANP

Elsevier Weekblad stelt elk jier in list op fan alle 'superskoallen' yn Nederlân. It tydskrift ferliket elk jier alle Nederlânske skoallen mei vmbo-, havo- en vwo-ûnderwiis en ropt de bêsten út ta 'superskoallen'. Dit jier binne it der fyftich. Ek it Bogerman yn Wommels stiet op de list, mar dizze skoalle is fan 1 augustus ferline jier sletten.

"Een enorm compliment"

It is foar it CSG Liudger de twadde kear op rige dat de lokaasje yn Burgum útroppen wurdt ta 'superskoalle'. "Het is een enorm compliment voor ons onderwijsteam", sei lokaasjedirekteur Mieke IJedema.

IJedema wie fansels bliid mei de ûnderskieding. "We gaan het zeker vieren met het team en de leerlingen, maar we gaan ook vooral door met geven van goed onderwijs. Dat doen we door samen te werken, oog te hebben voor de toekomst en onze leerlingen meer te bieden dan alleen goed onderwijs."

(Advertinsje)
(Advertinsje)