Marco Rojas fuortendaliks fuort by SC Hearrenfean

22 jan 2019 - 09:33

Marco Rojas ferlit SC Hearrenfean en giet fuortendaliks oer nei it Deenske SønderjyskE. De oanfaller út Nij-Seelân hat in ienjierrich kontrakt tekene by de nûmer 11 fan Denemarken.

Marco Rojas yn in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

Rojas kaam yn 'e simmer fan 2017 oer fan it Australyske Melbourne Victory FC en hat oardel seizoen yn Fryslân fuotballe, mar de 40-fâldich international wie nea in fêste wearde by SC Hearrenfean.

"Marco had voor de winterstop weinig uitzicht op speeltijd", seit technysk manager Gerry Hamstra fan Hearrenfean op de klupwebside. "De komende maanden leek dat niet te veranderen. Dit is voor hem en de club het beste."

(advertinsje)