Kollum: "Prins Monopoly"

22 jan 2019 - 07:30

"Troch in berjocht yn in lanlike krante waard ik nochris konfrontearre mei Bernhard, prins fan Oranje. Junior, waard dêr eartiids achteroan sein. De man dy't hiele dagen mei in 3D-bril op 'e noas omrint. B., sa't er troch yntimy neamd wurdt, waard yn in klup sjoen mei in oare frou. Bytsje drinke, bytsje dûnsje. Neat bysûnders. Hielendal net om't in eventueel bûtenechtlik aventoer past yn in famyljetradysje. Syn pake, dy't net om 'e nocht foar dandy en playboy trochgie, stie der lyksa om bekend dat er it prinslik sied geregeld yn oare túntsjes siedde. Oeral gelyk, krekt Haulerwyk."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"Wat dat oangiet hat Bernhard wol mear fan syn pake. It saaklik ynstinkt, bygelyks. Yn syn studintetiid yn Grins liet er dat al blike. Mei twa freonen rjochte er yn 1991 dêr syn earste bedriuw op: Ritzen Koeriers. Dy namme hiene se fan de doetiidske minister fan Underwiis Jo Ritzen, de man dy't de ov-studintekaart ynfierde. Bernhard en syn maten lieten fergees reizgjende studinten pakketsjes troch it hiele lân besoargje.

Yn in sucht en in skeet hiene se fêstigingen yn alle studintestêden. Hy seach de mooglikheden en makke dêr gebrûk fan. Letter kaam er yn it nijs om't er de belestingen ûntdûkt hawwe soe, troch gjin sosjale preemjes foar de 150 koeriers ôf te dragen. Neffens de trije musketiers fan Ritzen Koeriers wie it in gefaltsje fan 'wy wisten it net'. Bernhard skikte de saak nei in pear jier mei justysje.

Yn alle gefallen wie Ritzen Koeriers it begjin fan de prins syn sakekarriêre. Fia allegear ynternet aventoeren stapte er nei ferrin fan tiid de wrâld fan it fêstgoed yn. Bernhard waard in húskemelker. Dat is teminsten it byld dat ûntstien is. Want allinne al yn Amsterdam hat de prins sa'n 350 gebouwen. Dan binne je goed dwaande.

It sil sûnder mis skele dat je mei in gouden leppel yn 'e mûle berne wurden binne, mar it is likegoed in prestaasje fan formaat. Hy moat syn eigen bôle fertsjinje en docht dat mei súkses. Yn tsjinstelling ta it húshâlden fan de kening tart hy net op de belestingbeteller, en dat is ek wat wurdich.

Dochs rekke Bernhard yn opspraak. Want hierders fan de ferskillende keamers, huzen en gebouwen begûnen te kleien. Oer it beteljen fan kaaijild, oer dat der tefolle bewenners op ien adres wiene en oer de fierstente hege boarchsommen. Om't de wenningmerk yn Amsterdam in hegedrukpanne is dy't op ûntploffen stiet, begûn de gemeenteried him dermei te bemuoien. It byld dat Bernhard in ordinêre húskemelker wie dy't him neat fan regeljouwing oanluts moast er mar ris taljochtsje.

En dat die er dus net. Hy ferskûle him achter in behearkantoar dat sokke saken foar him regele. Sterker: hy sei dat er net deskundich genôch wie om fragen te beäntwurdzjen. Behalve synysk klinkt dat nochal hypokryt. Dêr stiet in man dy't grou jild oan wenningneed fertsjinnet, en dy't seit dat er der gjin doel oer hat.

Sjoch, dan kinst in coole bril op ha, mar sa'n hâlding is net cool. Mei sa'n hâlding litst sjen datst skyt oan alles hast. Dat de wrâld troch sa'n bril blykber net mear as in monopolywrâld foar dy is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)