'Tastimming foar sânwinning yn Iselmar is ûnrjochtlik ôfjûn'

22 jan 2019 - 07:04

Natuurmonumenten fynt dat de provinsje Fryslân tastimming foar sânwinning yn de Iselmar foar de kust fan Gaasterlân ûnrjochtlik en te betiid ôfjûn hat. Dat stiet yn in parseferklearring fan de organisaasje. Dêryn freget Natuurmonumenten de provinsje ek de tastimming yn te lûken.

Protest tsjin sânwinning foar de kust fan Gaasterlân - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Arjen Kok fan Natuurmonumenten

In miljeu-effektrapportaazje en in 'passende beoordeling' binne troch de provinsje ôfnaam en oan de hân dêrfan is op 11 septimber ferline jier in ferklearring fan gjin beswier ôfjûn. Natuurmonumenten fynt dat de miljeu-effektrapportaazje op in ferkearde wize tsjekt is en dat skea oan de natuer, benammen foar wetterfûgels, net út te sluten is.

"Wy hawwe de miljeu-effektrapportaazje noch ris in kear hiel goed trochlêzen en dêr is dochs wol in hiele list fan betinkingen en opmerkingen útkaam", seit Arjen Kok, provinsjaal ambassadeur fan Natuurmonumenten. "Wy binne derfan oertsjûge, dat meitsje de rapporten en neiere stúdzjes dúdlik, dat der omisjes binne wêr't we mei elkoar noch ris goed nei sjen wolle."

Fanwege dizze beswieren soe der neffens de Natuerwet genôch redenen wêze de plannen net trochgean te litten.

Tastimming te betiid ôfjûn

Natuurmonumenten fynt ek dat de tastimming te betiid ôfjûn is. De gemeente hat it bestimmingsplan noch net oanpast en offisjeel soe pas dêrnei de fergunning foar sânwinning en tastimming oan de oarder wêze.

It Europeesk Hôf hat de betingsten oanskerpe fan de fûgelrjochtlinegebieten dêr't ek it Iselmargebiet ûnder falt. De ferklearring soe no net mear ôfjûn wurde kinne, stelt Natuurmonumenten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)