Frachtwein brânt út op bedriuweterrein It Hearrenfean

22 jan 2019 - 06:16

By in brân op de krusing fan de Tinweg mei de Mangaanweg op It Hearrenfean is moandeitenacht in frachtwein folslein útbrând. By de brân op bedriuweterrein Heerenveen-Zuid kaam in soad reek frij.

Frachtwein brânt út op bedriuweterrein It Hearrenfean

Helptsjinsten waarden warskôge troch in meiwurker fan in timmerbedriuw yn de buert. Neffens de sjauffeur fan de frachtwein soe syn truck yn de brân stutsen wêze. De plysje docht dêrom ûndersyk en is op syk nei tsjûgen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)