Koks fan de takomst meitsje diner fan de takomst: Gjin fleis, bytsje sûker en sâlt
Net tefolle sâlt, in bytsje sûker en gjin fleis mear. As wy de berjochten leauwe meie, is dat it bêste foar ús. Yn de takomst sille wy oars ite moatte. Net allinnich om sûn te bliuwen, mar it is ek better foar de bisten en natuer. Op it ROC Friese Poort yn Snits hawwe se dêroer neitocht. Koks fan de takomst hawwe dêr moandei in diner fan de takomst makke sa't wy dat yn it jier 2050 ite sille.
Ynsekten en seewier
Nicky Aquaa is ien fan de learlingen dy't dwaande is mei it diner fan de takomst. Hy makket ûnder oare fan biten in puree dy't er mei in spesjale draaitafel yn in spiraalfoarm op in board spuitet. Nicky is derfan oertsjûge dat we yn de takomst mear ynsekten, seewier en plantaardige produkten ite sille.
"De iene fynt it lekker, de oare net, mar minsken moatte der ek wol wat oan wenne. Dus wolle we se no sjen litte fan 'sa kin it ek'."
Iten mei sawat gjin sâlt en sûker of allinnich mar plantaardige produkten, liket miskien wat saai. Mar dêr is Nicky it net mei iens. "It is krekt de keunst om fan wat sûns ek wat lekkers te meitsjen. Dat is de útdaging foar ús. En dêr binne we mei oan 'e gong op dizze oplieding."