Grut Van der Valk-hotel oan A32 yn Skoatterwâld op It Hearrenfean

Hearrenfean kriget in Van der Valk-hotel by Skoatterwâld oan de A32. Nei jierren fan diskusje en plannen foar meardere lokaasjes hat de gemeenteried moandeitejûn de knoop trochhakt. Paul van der Valk wint dêrmei de striid fan syn neef Henk Matser dy't in Van der Valk-hotel bouwe woe by Sportstêd Hearrenfean op it plak fan de eardere Aldi.
Tsjinstanners Van der Valk
It kealle swier, moandeitejûn. Besteande hoareka, de groeipotinsje, de ekonomyske ympekt, de wurkgelegenheid, in eye-catcher oan de A32, de opliedingsmooglikheden yn gearwurking mei it Friesland College, allerhanne arguminten waarden neamd.
GrienLinks hie leaver in fjirde opsje taheakke: earst bepale wat jo wêr hawwe wolle en dan sjen hokker partijen oft dêr op ynstekke wolle. Ek de FNP siet op dy koers. Dy partij stimde lang om let ferdield, krekt lykas D66 en it CDA. Mei achttjin stimmen foar en tolve tsjin krige de lokaasje oan de A32 de foarkar.
Wanda Ottens, fraksjefoarsitter PvdA
© Omrop Fryslân
Guon buertbewenners binne net wiis mei de plannen. Se binne benaud dat harren wengeniet oantaast wurdt. "It sil hjir folle drokker wurde. Boppedat bin ik hjir nei ta ferhuze fanwegen de moaie omjouwing en net foar sa'n hege toer", seit Marten van der Tempel fan Oranjewâld. Hy sil dan ek yn ferset komme en beswier meitsje tsjin de wiziging fan it bestimmingsplan.