Waadhoeke wit net hoefolle arbeidsmigranten oft yn de gemeente wenje

21 jan 2019 - 21:57

Hoefolle arbeidsmigranten binne der no yn de gemeente Waadhoeke? De gemeente sels hat eins gjin idee, en dat makket it dreech om belied te meitsjen as it giet om de húsfesting fan dy minsken. Dat seit wethâlder Nel Haarsma fan Waadhoeke. It belied is no dat maksimaal ien persint fan it tal ynwenners fan in doarp arbeidsmigrant wêze mei.

Nettsjinsteande de opskuor yn de gemeente oer de húsfesting fan arbeidsmigranten, tinkt ferantwurdlik wethâlder Nel Haarsma dat alle partijen libje kinne mei de úteinlike oplossing. Dy oplossing kin wêze de wurknimmers ûnder te bringen yn leechsteande pleatsen, op bedriuweterreinen of dochs yn de doarpen. Yn dat lêste gefal mei der perfoast net mear as 1 prosint fan de bewenners út arbeidsmigranten bestean.

Foto: Omrop Fryslân

Haarsma hat in soad fertrouwen yn de wurkgroep dy't neitinkt oer de húsfesting. Fertsjintwurdigers fan doarpsbelangen, wurkjouwers, de gemeente, hierdersferienings en wenningkorporaasjes sitte yn de wurkgroep dy't begelaat wurdt troch KAW Architecten en Expertisecentrum Flexwonen.

It is dreech om krekt oan te jaan hoefolle arbeidsmigranten oft der foaral yn de glêstúnbou yn 't jier wurkje. De gemeente tinkt fan 1200, mar oaren sizze dat dit boppe de 3000 leit. Arbeidsmigranten dy't koarter as fjouwer moannen hjir komme te wurkjen, hoege harren net te registrearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)