Arjan Stroetinga twadde op maraton fan Haaksbergen

Arjan Stroetinga is der moandeitejûn net yn slagge yn Haaksbergen de earste maraton op natueriis fan dizze winter te winnen. De Fries kaam as twadde oer de einstreek. Earste waard Simon Schouten út Andijk (NH) en tredde Casper de Gier.
© ANP
Nei hûndert rûntsjes riden makke in kopgroep fan tsien man him los fan it peloton. Dêr siet Arjan Stroetinga ek by. Yn de einsprint kaam Schouten as sterkste út de bus, foar de Fries. Tredde waard Casper de Gier.
Schouten wûn de ôfrûne twa winters de earste maraton op natueriis ek. Ferline jier wie dat yn Haaksbergen en twa jier ferlyn yn Noordlaren.
In soad sterke maratonriders, lykas bygelyks Gary Hekman, diene net mei yn Haaksbergen. In diel fan it peloton wie earder al nei Eastenryk ôfset dêr't op de Weissensee fjouwer grutte wedstriden ferriden wurde: ûnder oare it iepen Nederlânsk kampioenskip (no sneon) en de Alternative Alvestêdetocht (op 30 jannewaris).