Tjitske út Burgum wol yn de gemeenteried fan it Ierske Cork

Tjitske de Vries fan Burgum is 37 en wennet sân jier yn Ierlan. Se hat al hiel wat fan de wrâld sjoen en hat yn Cork yn Ierlân har nije thús fûn. Se fielt har dêr sa thús dat se besluten hat om yn de polityk te gean. Yn maaie binne der ferkiezings foar de gemeenteried. En dat is no it doel. Se fiert al flink kampanje.
© Omrop Fryslân
Tjitske de Vries
"Ik bin der in bytsje yn rôle, doe't trije jier ferlyn it homohoulik spile", fertelt Tjitske. "It ôfrûne jier hawwe wy kampanje fierd foar abortusrjochten. En der is hjir ek in grut dakleazeprobleem."
Tjitske besleat by de partij People Before Profit te gean. Ferline jier krige se de fraach oft se kandidaat wurde woe. Dêr moast se in pear moanne oer neitinke.
"Ik bin bêst wol okee yn it Ingelsk, mar polityk Ingelsk is wol wat oars. Dochs haw ik gewoan dien en no bin ik sûnt in pear moanne kandidaat. Hartstikke spannend."
Dat wurdt op in hiel protte doarren klopje en mei minsken prate.
Tjitske de Vries
It ferkiezingssysteem yn Ierlân is oars as yn Nederlân. Se wurkje dêr net mei in kieslist, mar stimme op persoanen. "Yn myn distrikt binne acht plakken. As ik genôch stimmen krij, sit ik deryn. Yn myn strimdistrikt wenje sawat 30.000 minsken. Dat wurdt op in hiel protte doarren klopje en mei minsken prate."
"Yn Nederlan begjinst in jier yn it foar mei kampanjefieren, hjir is it allegearre op it lêste momint. Dêr haw ik wol efkes oan wenne moatten. De kommende fjouwer moannen gean wy der twa kear yn de wike op út. Ik fyn it ynteressant en ik wol it hiel graach wurde, mar ik fyn it ek wol in bytsje eng."

Katolyk konservatisme

Ierlan hat hiel lang ûnder de oerhearsking fan de roomske tsjerke sitten. "Dat is no noch goed te fernimmen. Feline jier wie noch 96 prosint fan de skoallen roomsk-katolyk. Wy binne net tsjin godstsjinst", fertelt Tjitske. "Mar it moat út de skoallen helle wurde. Yn Nederlân haw ik ek op kristlike skoalle sitten. As it oer godstsjinst gie, gie it oer alle godstsjinsten. Hjir is it echt noch spesifyk it katolike leauwe. It is noch hiel konservatyf. Wy wolle it stadichoan rjochting de progressive skieding fan tsjerke en steat bringe."

Djoere hierhûzen

"It grutste probleem is it dakleazekrisis. Foar in hûs yn Cork betellest tusken de 1200 en 1300 euro yn de moanne. In hiel protte minsken kinne dat net betelje. En sa binne der noch folle mear dingen dêr't wy wat oan dwaan wolle."