Fryske froulju op plak 1 en 2 by maraton Haaksbergen
Rixt Meijer fan It Hearrenfean hat moandeitejûn de maraton fan Haaksbergen wûn. Yn de einfaze makke se har los fan de konkurrinsje. Se kaam allinnich oer de einstreek. Twadde waard Marijke Groenewoud út Hallum. Se wûn de sprint fan it peloton. Elsemieke van Maaren út Zuilichem waard tredde.
Fryske froulju op plak 1 en 2 by maraton Haaksbergen
In soad topreedriders wiene der net by yn Haaksbergen, lykas de winneres fan ferline jier Manon Kamminga. Sy sitte dizze dagen op de Weissensee yn Eastenryk. Dêr wurdt ûnder oare de alternative alvestêdetocht ferriden. Yn Haaksbergen kamen 46 rydsters oan de start.