LIVE: Maraton op natueriis yn Haaksbergen
De earste, en foarearst iennige, maraton op natueriis wurdt dizze moandeitejûn ferriden yn Haaksbergen. Om 19.00 oere starte de froulju, de manlju sette in oere letter útein. Sjoch mei:
Fryske reedriders fan de topdifyzje, útsein Arjan Stroetinga, komme net yn aksje, want hast alle toppers sitte al op de Weissensee yn Eastenryk, dêr't letter dizze wike it iepen Nederlânsk kampioenskip is.