Sportoersjoch: Hearrenfean-Ajax, Aris en LDODK

21 jan 2019 - 18:28

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

Sportoersjoch: ... (titel oanpasse)

Fuotbal

It spektakelstik yn 'e Johan Cruijff Arena. De wedstriid fan Hearrenfean tsjin Ajax einige yn 4-4. De lêste oerwinning fan Hearrenfean op Ajax is alwer tsien jier lyn. Op 31 jannewarisis 2009 skoarde Danijel Pranjic it iennige doelpunt. Ajax wie de bettere ploech, mar SC Hearrenfean hie snein ek winne kinnen. Tongersdei treffe beide ploegen inoar wer, yn de kwartfinale fan de beker.

Wedstriid fan de Wike

Wedstriid fan 'e wike: De kuorballers fan LDODK namen it dit wykein op tsjin koprinner Fortuna út Delft.

Aris

It wie ek in moai wykein foar de basketballers fan Aris. Sy moasten tsjin de regearjend lânskampioen Donar en sa geweldich giet it no ek wer net mei Aris dit seizoen. Hoe dienen se it tsjin de ploech út Grins?

IIshockey

De iishockeyers fan de Flyers behellen twa romme oerwinningen.

Fuotbalfroulju

De Nederlânske fuotbalfroulju binne yn Súd-Afrika, mei Sherida Spitse. It wie trouwens har 156e ynterlân, dat in rekôr is.

Reedriden

It wie kâld, de lêste dagen. Moandeitejûn is yn Haaksbergen de earste maraton op natueriis. De favoryt stiet al fêst: allinnich Arjan Stroetinga is derby.

(Advertinsje)
(Advertinsje)