SC Cambuur draait swarte sifers mei tank oan transfers

21 jan 2019 - 17:56

SC Cambuur hat foar it achtste jier op rige swarte sifers skreaun. Dat is wol mei tank oan de ferkeap fan in oantal spilers. Dat falt te lêzen yn de jiersifers dy't de klup moandei bekend makke hat.

It Cambuur Stadion - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Minder skulden

Der is it ofrûne seizoen in winst makke fan sa'n 3,5 ton. Dat jild wurdt brûkt om in part fan de skuld ôf te lossen. Dat wie 1,4 miljoen euro en dat is no noch goed in miljoen euro. Yn it ferline hat dat wol seis miljoen euro west. "Dan kun je zien hoeveel schade je daar nog altijd van hebt", fertelt Ard de Graaf, algemien direkteur fan de Ljouwerters.

De ferkeap fan Sander van de Streek en Jamiro Monteiro hat wol needsaaklik west om winst te beheljen. Sûnder dy transfers hie Cambuur reade sifers skreaun. De Graaf: "Dat is zorgwekkend en dat weten we ook. Aan de andere kant is het beter maken van spelers en ze daarna verkopen ook een prestatie. Dat hoort er ook gewoon bij."

Posityf

De Graaf is posityf oer de sifers. Benammen dat dy, foar it achtste jier op rige, posityf binne: "Je gaat bijna denken dat het normaal is, maar dat is het natuurlijk niet. Het wordt elk jaar wel moeilijker om het voor mekaar te krijgen. Alles wordt elk jaar een beetje minder", sa seit De Graaf. Dat is ek werom te sjen yn de jiersifers. Ynkomsten wurde minder, bygelyks de sponsorjilden en de tillefyzjeynkomsten. Dêr stiet tsjinoer dat de kosten oprinne.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Spelers verkopen voor een positief resultaat geeft de problematiek van Cambuur in dit stadion aan.

Direkteur Ard de Graaf

Nij stadion

De ûntwikkeling yn de jiersifers fan Cambuur jout neffens De Graaf oan dat de komst fan it nije stadion needsaaklik is. "Dat we spelers moeten verkopen voor een positief resultaat geeft de problematiek van Cambuur in dit stadion aan. In het nieuwe stadion kunnen we meer geld verdienen en zorgen dat ook de operationele resultaten (sûnder transferynkomsten) positief zijn."

It nije stadion soe yn it seizoen 2021/2022 yn gebrûk naam wurde moatte. Cambuurdirekteur De Graaf hopet dat it negative eigen fermogen tsjin dy tiid fuortwurke is. "Dat wordt een hele uitdaging. Maar in het nieuwe stadion kunnen we een hele gezonde club worden met spek op de botten. Dat zijn we nu niet."

Sportferslachjouwer Andor Faber hat praat mei algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur

Trefwurden: 
SC Cambuur jiersifers
(Advertinsje)
(Advertinsje)