NS en Arriva passe Fryske tsjinstregeling om snie noch net oan

21 jan 2019 - 17:20

De bussen en treinen fan Arriva ride tiisdei gewoan neffens planning. Arriva hâldt de snie goed yn 'e gaten en sil fia social media eventuele wizigingen yn de tsjinstregeling bekend meitsje.

It stasjon fan Feanwâlden - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ek de treinen fan NS ride tiisdei yn Fryslân foarearst gewoan neffens tsjinstregeling. Dat seit de NS. It giet om treinen op it trajekt Zwolle-Ljouwert.

Op oare trajekten yn it lân ride minder treinen, sadat der romte op it spoar is om eventuele problemen mei de snie gau op te lossen. De NS freget reizgers om de reisplanner te brûken.

Trefwurden: 
Arriva tsjinstregeling snie
(Advertinsje)
(Advertinsje)