Wedstriid fan de wike: SC Hearrenfean yn kwartfinale beker

21 jan 2019 - 17:20

SC Hearrenfean spilet tongersdei foar de twadde kear dizze wike tsjin Ajax. Snein waard it in spektakulêre wedstriid (4-4). De Feansters wolle no ek in goed resultaat helje yn de kwartfinale fan de KNVB-beker. It is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân.

"De wedstriid fan snein sil wol in 'boost' jaan oan it fertrouwen by Hearrenfean", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "PSV en Ajax lieken net te klopjen yn de earedifyzje, mar Hearrenfean wie der wol hiel ticht by." As de ploech fan trainer Jan Olde Riekerink in goed resultaat behellet, sitte se yn de heale finale fan de beker.

De wedstriid set tongersdeitejûn om 20.45 oere útein.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)