Jitse Kramer wie by Arnold Schwarzenegger thús: "In skaplike keardel"

21 jan 2019 - 17:11

Sterkste man Jitse Kramer wie sneon by Arnold Schwarzenegger thús yn Santa Monica. Huh? By dé Arnold? Ja, dy akteur, eks-bodybuilder en âld-politikus. Wat die Kramer dêr?

Foto: Facebook Jitse Kramer

Hy wie yn Los Angeles foar de kwalifikaasje fan de Arnold Pro Strongman World Series, in wedstriid foar de sterkste minsken fan de wrâld. Dêr docht er al in skoft oan mei. Der wie in ekstra wedstriid om jild yn te sammeljen foar de omkommen brânwachtlju by de boskbrannen.

"Alles is grut dêr"

"En dêr hearde in feestje by Arnold thús by", fertelt Jitse Kramer. "Dat wist ik net hear, dat wie foar my ek in ferrassing. It wie hartstikke leuk. Alles is grut dêr, it hûs mei alles derop en deroan en ek in grutte tún. Der wienen allegear bekende minsken, minsken dy't ik fan holle ken fan telefyzje. Ek âld-akteurs, geweldich."

De omfang hat it measte yndruk op him makke. "It is geweldich grut en moai en hiel fersoarge."

En hast ek mei Arnold fûstke?

"Jawis, hy hat foar elk in hân en in wurdsje. Ek elk koe mei him op de foto. It is in hiele skaplike keardel."

En... hoe gie de wedstriid eins?

"Goed, ik bin as fiifde einige fan de tsien dielnimmers. Yn dizze Champions Leage stean ik no alfde. Dêrmei bin ik earste reserve foar de grutte finale yn maart yn Amearika, want dêr kinne tsien meidwaan."

Foto: Facebook Jitse Kramer
(Advertinsje)
(Advertinsje)