MRSA-baktearje yn Antoniussikehûs yn Snits
By trije pasjinten fan it Antoniussikehûs yn Snits is de MRSA-baktearje fêststeld. De pasjinten binne apart set. Se wurde apart faninoar ferplege om fierdere fersprieding fan de baktearje tsjin te gean. It personiel kriget ynstruksjes en brûkt weismytklean.
It sikehûs ûndersiket hoe't it kin dat de trije pasjinten besmet rekke binne mei de baktearje.
De oanwêzigens fan de MRSA-baktearje hat gjin gefolgen foar de reguliere besiken oan it sikehûs. Alle plande ôfspraken gean gewoan troch.