Max Aardema fan Drachten wer listlûker foar PVV by steateferkiezings

Max Aardema fan Drachten is de listlûker foar de PVV by de ferkiezings foar Provinsjale Steaten, yn maart. Aardema is no fraksjefoarsitter foar de partij yn de Steaten. Hy is ek Earste Keamerlid foar de PVV.
Max Aardema © Omrop Fryslân
Op it twadde en tredde plak achter Aardema steane de twa oare fraksjeleden fan de PVV yn de Steaten, Cees Riezebos en Harrie Graansma. De folgjende fiif plakken wurde ynnaam troch Erna Cohen, Jeffrey Graansma, Rudy Been, Martin van den Brand en Leonie Hummel.
Partijlieder Geert Wilders wie dizze moandei yn Drachten om de kandidaten te lokwinskjen mei har plak op de list foar de steateferkiezings. It partijprogram fan de Fryske PVV komt ynkoarten op de site fan de partij. It motto foar de steateferkiezings is "Fryslan Earst".