Tútsjend Ark: keunstwurk yn Drachten as oade oan Dada

Yn Drachten wurde manshege keunstwurken makke fan it favorite hânark fan Drachtsters. It idee komt fan keunstneres Loes ten Anscher. Sy en har team sette kommend wykein it ark op de foto. Minsken kinne dat sels ynbringe.
© Omrop Fryslân
Nei de fotosesje wurde fiif stikken ark útsocht. Dêr wurde mei in spesjale 3D-scanner en spesjale software manshege modellen fan makke. Sa kin in hammer fan 35 sintimeter in hammer fan twa meter wurde.
De stikken ark wurde ophongen yn de Woksteeg yn Drachten as in soarte rûndraaiende lampionnen. Se reitsje elkoar bytiden en sa liket it as oft se elkoar tútsje. It keunstwurk krijt dan ek de namme Tútsjend Ark.

Oade oan Dada

It keunstwurk is in oade oan de Drachtster Dada-beweging, dy't 102 jier lyn oprjochte waard. De bruorren Thijs en Evert Rinsema wiene dêr de spil fan. It wiene skuonmakkers.
Neffens Loes ten Anscher waarden yn de tiid fan de Rinsema's de moaiste produkten makke mei allinne hânark. Dat is de reden dat dat ark sintraal stiet yn har keunstwurk. Dat moat ein dit jier klear wêze.