Weachhalzen op de Wolwarren by Aldegea: "Hjir dogge wy it foar!"

It wie moandeitemoarn drok op de Wolwarren by Aldegea Smellingerlân. It iis wie dêr dik genôch foar de echte weachhalzen om harren earste streken op it iis te setten. It wiene benammen Aldegeasters dy't it net litte koene om de redens ûnder te binen. "Hjir dogge wy it foar!"
Moarns wiene der sa'n 25 oant 30 minsken op it iis by de Wolwarren yn Aldegea. Troch it teiwaar stie der om it middeisoere hinne al wetter op it iis. Mar de echte trochsetters lieten har net tsjinhâlde.

No al senuweftich

In groepke fanatike riders hie de smaak flink te pakken. "As der iis leit, dan set ik de wekker", lake ien fan harren entûsjast. "Myn frou seit: "Dan bisto altyd wat oars as oars." En dat is ek sa. Dan begjint it te kribeljen. Wy traine foar de Alvestêdetocht." Tusken de manlju ried ek ien frou; Baukje de Jong-Spoor, in bekend gesicht yn de reedriderswrâld. "Ik wie fannacht al senuweftich", fertelt se. "Fan 'e moarn ha ik myn man Tsjibbe nei de Wolwarren stjoerd om alfêst efkes te sjen. En it koe, dus dan moat it fansels ek wêze!"

Klear foar de Tocht

It hiele jier troch traint Baukje mei in fanatike ploech manlju en froulju foar de Alvestêdetocht. Ien fan de manlju is mar wat entûsjast no't it wer begjint te friezen. "Yn de winter ride wy op it iis fan Thialf en yn de simmer sitte wy op de fyts. As de Alvestêdetocht komt, wolle wy der klear foar wêze. It moaiste is fansels om op echt natoeriis te riden. Dêrom ha wy in app-groepke, dêr't wy kontakt mei elkoar hawwe. Dat is ideaal foar dit soart mominten. Hjir dogge wy it foar."
Reedride op de Wolwarren yn Aldegea