IIshockeyers UNIS Flyers kinne 1 febrewaris werom nei eigen Thialf
De iishockeyers fan de UNIS Flyers komme op freed 1 febrewaris definityf werom yn de iishockeyhal fan Thialf op It Hearrenfean. De hal moast ein ferline jier ûnferwachts ticht om't de dakkonstruksje net langer feilich wie.
Der wurdt noch hurd wurke om de konstruksje wer feilich te meitsjen. De iishockeyers moasten foar thúswedstriden útwike nei de Elfstedenhal yn Ljouwert. De tydlike sluting hie grutte gefolgen foar de iishockeyers.
Meardere teams, benammen by de jeugd, koene net traine wylst de hal ticht wie. By UNIS Flyers binne se dan ek bliid dat se de hal wer yn gebrûk nimme kinne. Der is in hiel programma opset, mei taspraken fan ûnder oare foarsitter Henk Hoekstra fan de Flyers, wethâlder Jelle Zoetendal fan de gemeente Hearrenfean en Willem Veldman fan Topsport Noord.