Soad riders slaan natoeriismaraton yn Haaksbergen oer

21 jan 2019 - 12:41

Der binne hast gjin Fryske reedriders fan de topdifyzje dy't moandeitejûn yn aksje komme yn Haaksbergen. Dêr wurdt de earste maraton op natoeriis fan dit jier organisearre. Hast alle toppers sitte al op de Weissensee yn Eastenryk, dêr't letter dizze wike it iepen Nederlânsk kampioenskip is.

Foto: ANP Foto

Fan de Royal A-Ware-ploech fan coach Jillert Anema is Arjan Stroetinga de iennige Fries dy't oan de start stiet yn Haaksbergen. Oare toppers lykas Bob de Vries, Jorrit Bergsma, Carien Kleibeuker en Marijke Groenewoud slaan Haaksbergen oer. Dat jildt ek foar Crispijn Ariëns fan team Okay Fashion & Jeans fan ploechlieder Peter de Vries. De Wolvegeaster sit mei de ploech al yn Eastenryk, krekt lykas de ploech fan AB Vakwerk.

De ploech fan Klasina Seinstra, mei Manon Kamminga en Yvonne Nauta, is ek al ôfreizige nei de Weissensee. Ek Ineke Dedden, ôfrûne sneon noch twadde by de maraton, sit mei har ploech yn Eastenryk. De nûmer fiif fan it klassemint, Bianca Bakker, docht ek net mei yn Haaksbergen.

Sportferslachjouwer Andor Faber oer de maraton yn Haaksbergen

De earste en foarearst iennige maraton op natoeriis wurdt moandeitejûn ferriden yn Haaksbergen. Dêr is it iis dik genôch en dat wie net it gefal yn Noordlaren en Nieuw-Buinen. Om 19.00 oere starte de froulju, de manlju sette in oere letter útein.

(advertinsje)
(advertinsje)