Dûmny wiis mei koerswiziging CDA oer ferromming bernepardon

21 jan 2019 - 12:39

It wie opmerklik nijs dit wykein: CDA en D66 wolle de regeling fan it bernepardon ferromje. Oant no ta folgen beide partijen it kabinetsstânpunt dat dêr gjin sprake fan wêze kin. De koerswiziging kin grutte gefolgen ha foar bern dêr't útsetting foar driget.

Dûmny wiis mei koerswiziging CDA oer ferromming bernepardon

Dit nijs kaam as in ferrassing foar emearitus dûmny Harm Klein Ikkink út Drachten. Hy hâldt him dwaande mei asylsikers yn de Interkerkelijke werkgroep asielzoekers, dêr't hy foarsitter fan is. "Het kwam voor mij totaal onverwacht. Ik had deze koerswijziging niet zien aankomen."

Hy fynt dat je minsken net om formele redenen ôfwize kinne. "Kinderen staan er los van. Als ze hier al vijf jaar zijn, en goed geworteld dan kun je ze niet verplaatsen. Uit onderzoek blijkt ook dat het slecht en traumatisch is als ze toch worden uitgezet. Veel gezinnen zijn loyaal aan de maatschappij, ze proberen echt mee te doen en een bijdrage te leveren."

Hy ken in soad CDA-ers mei in sosjaal hert. "Die vonden het beleid niet goed, ik denk dat men binnen de achterban wel blij is met deze draai. Ik hoop echt dat men durft te zeggen: we moeten hier anders tegen aan gaan kijken, er moet meer ruimte komen."

Dûmny Harm Klein Ikkink oer bernepardon

(Advertinsje)
(Advertinsje)