"Sluting azc Balk soarge foar ûnnedige ûnrêst"

"Sluting AZC Balk soarge foar ûnnedige ûnrêst"
"Yn it begjin wie der in soad rebûlje yn it doarp", fertelt Meinsma. "Sa't dat eins altyd giet by de komst fan in asylsikerssintrum. Ek ha der ynsidinten west. Dat hie alles te krijen mei wat foar soart minsken der yn it begjin yn it sintrum telâne kamen. Mar dat hat it COA neffens ús goed oanpakt en dêrnei waard it rêstich. Ik ha kwealik mear negative lûden heard."

Tefreden

Net allinich Pleatslik Belang wie tefreden oer hoe't it gie. Ek de sportferienings, tsjerken en skoallen wiene bot te sprekken oer it azc. Sa hiene de skoallen nei wat opstartproblemen úteinlik seis klassen foar de bern fan it azc. Yn de klassen sieten sa'n 15 bern en hoewol't it somtiden wat lestich wie om geskikte lokalen te finen, rûn it ûnderwiis goed. Dat fertelt direkteur Rika Tulner fan ûnderwiiskoepel Nijegaast. "Wy sieten eins krekt op it punt dat wy seinen dat wy alles goed yn de macht hiene, doe't de meidieling kaam dat it azc ticht gean soe."

Triennen

It soarge foar triennen by it personiel. "De belutsenheid wie hiel grut", sa seit Tulner. "Dus doe't it COA de stekker der útluts, wiene wy dêr wol efkes fan ûndersteboppen." Yn rap tempo moast dêrnei alles wat foar it ûnderwiis fan de bern opsetten wie, wer ôfboud wurde. "Personiel moast in oar plak krije, lokaasjes opsein en oan tal fan oare saken kaam samar in ein oan. Des te grutter wie de fernuvering doe't wy it berjocht krigen dat wy dochs mooglik wer los kinne."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It COA kaam al seis wiken nei de sluting mei it berjocht dat it azc yn Balk mooglik dochs wer iepen moat. Se hawwe in oanfraach yntsjinne foar in azc fan maksimaal 500 minsken. In grut part dêrfan soe bestean moatte út famyljes mei bern.
En dat betsjut dat ek de help fan de skoallen wer nedich is. "En dat wolle wy seker ek dwaan", sa seit Tulner. "Mar it soarget no wol foar in soad ekstra wurk. Wy moatte it personiel wer byelkoar krije, nije ôfspraken meitsje oer lokalen, en tafels en stuollen regelje." Neffens Tulner slagget dat allegear wol, mar it hie folle makliker west as se net tuskentroch ticht hoegd hiene.

Soargen

Ek Pleatslik Belang tinkt dat it wol wer slagget om draachflak te krijen yn it doarp, mar minsken binne der wol wer oer neitinken. Meinsma: "Minsken meitsjen harren no wer drok oer de fergunning foar de bou fan it sintrum, dy't mooglik net yn oarder wêze soe. Ek binne der soargen oer wat foar minsken der yn it sintrum komme. Dy soargen wiene eins allegear fuort, mar binne no werom."
Kommende tongersdei hâldt de gemeente in ynformaasjebyienkomst oer de weriepening fan it sintrum. De gemeente hat al sein posityf tsjinoer it fersyk fan it COA te stean. As alles neffens plan ferrint, giet it azc op 1 april wer iepen.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Andries Meinsma fan Balk Vooruit